Help by ramp Fryslân net goed

01 jul 2009 - 15:42

It is min steld mei de helpferliening by rampen yn Fryslân, konkludearret de Ynspeksje Openbare Orde en Veiligheid nei in ûndersyk. As bygelyks nachts 25 swier ferwûnen falle by in ramp, kin it wol fjouwer oeren duorje foardat dy stabilisearre en ôffierd binne. Dat komt omdat der net genôch sikehuzen en ambulânses yn 'e buert binne.

De ministers fan ynlânske saken en folkssûnens easkje dat slachtoffers yn in oere tiid te plak binne, mar dat soe yn Fryslân net helber wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)