Likehúske Ljouwert wer iepen

01 jul 2009 - 15:40

Op it algemiene begraafplak yn Ljouwert is woansdeitemiddei it resteaurearde likehúske wer iepene. It gebou út 1874 die twa jier lyn mei oan TV-programma De Restauratie, mar wûn doe de haadpriis krekt net.

De gemeenteried hat dêrop 160.000 euro beskikber steld foar in opknapbeurt, as oanset fan in grutte renovaasje fan it hiele begraafplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)