Skhodran Metaj net nei Cambuur

Skhodran Metaj kin him net fine yn 'e fyzje fan Menzo en komt dêrom net nei Cambuur
Skhodran Metaj komt dochs net nei Cambuur. FC Grins en Cambuur hawwe freed in akkoart sletten oer de ferhier fan de middenfjilder, mar Metaj sels sjocht de oergong dochs net sitten.
Cambuur-trainer Stanley Menzo hie oanjûn dat de fuotballer (21) allinnich yn 'e beneaming kaam foar in plak links yn de ferdigening. Omdat Metaj him graach as middenfjilder ûntwikkelje wol, hat hy besletten net nei Ljouwert te kommen.