'Flaters yn fergunning oven'

Protest fan lulke Harnzers yn 'e Ingelske tún.
Yn de miljeufergunning foar de ôffaloven yn Harns sitte slimme flaters. Dat seit advokaat Henri Sarolea út Amsterdam. Hy hat yn opdracht fan in tal besoarge omwenners de fergunning kritysk besjoen en ûntdutsen dat de útstjit yn 'e fergunning heger is as de útstjit dêr't ûndersyk nei dien is.
Mei oare wurden, der is ûndersyk dien nei wat de gefolgen binne fan in folle lytsere ôffaloven.