Fallen foar ikeprosesjerûp

© Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf pleatst woansdei en tongersdei lokfallen foar de ikeprosesjerûp. Fan Blesdike oant en mei Boyl wurdt om de 200 meter in fal pleatst. Mei-inoar giet it om 135 stiks. Doel is om de ikeprosesjerûp yn de stringen te hâlden. As de rûp fûn wurdt kin de gemeente fuortendaliks maatregels nimme om oerlêst foar te kommen.
De ikeprosesjerûp kin allergyske reaksjes oan de hûd en yrritaasje oan de luchtwegen jaan.