Weryndieling stapke tichterbij

© Omrop Fryslân
De weryndieling yn 'e Súdwesthoeke is wer in stapke tichterbij. Deputearre steaten ha woansdei har advys oer de fúzje fan fiif gemeenten nei de steatssiktaris stjoerd. Dy moat dat advys besjen en dêrnei beprate mei de Twadde Keamer. Dy hakt úteinlik de knoop troch. Deputearre steaten hawwe de krityske kanttekeningen fan 'e steaten yn it advys ferwurke.
Mar se sizze ek dat dy krityk de fúzje net tsjinhâlde mei, omdat de gemeenten sels entûsjast oan de fúzje wurkje.