Grutte brân yn De Blesse

Restaurant en sealesintrum Pieter Poot yn De Blesse is woansdei by in fûle brân ferlern gien. De brân begûn om kertier foar tsienen en waard bestriden troch de brânwacht fan Wolvegea, Noardwâlde en Aldeberkeap.
De plysje hat de omjouwing fan it restaurant ôfset. De plysje hâldde rekken mei it mooglik frijkommen fan asbest. Oft dat ek it gefal is, is lykwols net seker. It ferkear wurdt dêrom omlaat. Neffens de brânwacht wiene der gjin minsken yn it pân.