Fandalen oppakt op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
De plysje hat op 'e Jouwer trije jonges oanhâlden, omdat se fertocht wurde fan fandalisme. It giet om jonges fan 15, 16 en 17 jier âld. Se komme fan It Hearrenfean en Aldskoat.
Plysjes seagen dat yn it sintrum fan De Jouwer ferskate konteners omsmiten wiene en dat der fytsen op de dyk leine. In tsjûge seach de trije jonges yn de rjochting fan de Geert Knolweg fytsen. Dêrtroch koe de plysje se fine en nei it plysjeburo bringe. Dêr hawwe se in proses-ferbaal krigen.