Hôf net fuort út Ljouwert

30 jun 2009 - 22:42
  • It hôf soe net fuort moatte út Ljouwert

It gerjochtshôf ferhuzet net út Ljouwert nei Zwolle ta. Dat ha de mienskiplike presidinten fan de Nederlânske gerjochtshôven advisearre oan de Raad voor de Rechtspraak. Dizze ried advisearret de minister fan Justysje hjir wer oer.

Moandei ha de presidinten mei-inoar om tafel sitten. De noardlike provinsjes besykje al langer foar te kommen dat it hôf út Ljouwert ferdwynt. De bazen fan de gerjochtshôven wolle safolle mooglik sprieding behâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)