Oarder út Rome foar Landustrie

30 jun 2009 - 22:25

It wetter fan WC's, dûsen en keukens yn Rome wurdt meikoarten fuortpompt mei fizels út Snits. It bedriuw Landustrie yn Snits hat in oarder krigen fan 4 miljoen euro om fyftich fan dy fizels te meitsjen. Dy fizels wurde brûkt yn de gemalen yn Rome.

Foar Landustrie betsjut de oarder in bydrage fan 20 persint yn de jieromset. It bedriuw is wrâldwiid merklieder op it gebiet fan fizels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)