Maggy wol nier doneare

© Omrop Fryslân
Maggy van Manen út Drachten wol in nier doneare oan de man út Putten dy't begjin juny yn in advertinsje frege om in donornier. Adrie de Graaf (63) wachtet al fiif jier op in donornier.
Syn oprop krige in soad media-oandacht. Neidat Maggy van Manen (37) syn ferhaal op tillevyzje sjoen hie, woe se de man helpe. Woansdei sille Van Manen en De Graaf nei it Erasmussikehûs yn Rotterdam om te besjen oft in transplantaasje kâns fan slagjen ha kin.