Plakette op bertehûs De Roos

© Omrop Fryslân
Foar it bertehûs fan Kameleon-skriuwer Hotze de Roos yn Langsweagen wurdt op 24 novimber in plakette ûntbleate. Dit wurdt dien as earbetoan oan De Roos dy't op dy dei hûndert jier wurde soe.
Langsweagen organisearret ek tal fan aktiviteiten om by it wurk fan De Roos stil te stean. Der is in eksposysje mei wurk fan de berneboekeskriuwer en op skoallen wurdt in ferhalewedstriid hâlden. Organistor Hylke de Vries seit dat Langsweagen grutsk is op berneboekeskriuwer De Roos.