Hotel Ozinga gjin oplieding

30 jun 2009 - 15:03

De âlde herberch fan Moeke Jikke yn Snits sil foarearst net brûkt wurde foar in hoareka-oplieding. Dochs giet de renovaasje gewoan troch en is fan tiisdei ôf de nije foargevel fan it gebou foar it earst te sjen.

Nei twa jier tsjin in doek oan sjoen te hawwen kinne de ynwenners fan Snits no de âlde fertroude gevel van Hotel Ozinga wer sjen. De wenningboukorporaasje wol it leafst dat de mooglike nije eigners wer in hoarekagelegenheid begjinne yn it gebou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)