Steuring oan brêge Deinum

30 jun 2009 - 14:45
  • De Westergoabrêge Foto : Aise van Beets

De brêge oer it Van Harinxmakanaal yn de Westergoawei by Deinum hat tiisdeitemiddei in skoft omheech stien. De brêge woe net mear nei ûnderen. Monteurs koene nei ferrin fan tiid it probleem oplosse. Mooglik hie it maleur mei de waarmte te krijen.

Rykswettersteat wie twongen om de dyk yn beide rjochtings ôf te sluten. Mei buorden waard de omliedingsrûte oanjûn. It ferkear waard omlaat oer it buorskip Ritsumasyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)