W'werf: sirkus sûnder bisten

30 jun 2009 - 13:57

Sirkussen sûnder wylde bisten krije tenei foarrang yn de gemeente Weststellingwerf. In mearderheid fan de gemeenteried hat moandei ynstimd mei in moasje fan GrienLinks.

Dy partij wol dat de gemeente by ferskate oanmeldings fan sirkussen de foarkar jout oan sirkussen sûnder wylde bisten. In folslein ferbod op sirkussen mei wylde bisten siet der lywols net yn. Safier woene neffens GrienLinks de oare partijen yn de gemeenteried net gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)