Sloveenske doelman op proef

Brian Vandenbussche giet mooglik fuort (foto Martin de Jong)
De Sloveenske doelman Aleksander Seliga is dizze wike op proef by SC Hearrenfean. De 29-jierrige ynternasjonal sil woansdei yn de oefenwedstriid tsjin Go Ahead Eagles en sneon tsjin AA Gent spyltiid krije fan trainer Trond Sollied. Dêrnei wurdt der sjoen oft Seliga in kontrakt oanbean krijt.
By SC Hearrenfean hâlde se der rekken mei dat doelman Brian Vandenbussche de klup ferlitte sil. Sparta soe belangstelling hawwe.