Bibliobus rydt foar't lêst

De bibliobus rydt tiisdei foar it lêst troch Fryslân (foto: Lenus van der Broek)
De bibliobussen fan biblioteekservice Fryslân ride tiisdei foar it lêst harren rûtes. De bussen hawwe mear as fjirtich jier riden. De sintrale ôfdieling bibliobus wurdt skrast.
Gemeenten binne sels dwaande mei plannen om te sjen hoe't boeken, cd's en dvd's op in oare en by foarkar goedkeapere wize útliend wurde kinne. Bygelyks yn skoallen of troch it opsetten fan lytsskalige servicepunten.