Skoalle Nes: noch gjin jild

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan It Amelân stelt noch gjin kredyt beskikber foar de fer- en nijbou fan de Boargemaster Waldaskoalle yn Nes. It kolleezje hie de ried in kredyt foarsteld fan hast fjouwer miljoen euro. De ried fynt lykwols dat de finansjele kant fan de saak earst better útsocht wurde moat.
De tarieding op de bou kostet dik twa ton. Dat kredyt hat de ried moandei wol beskikber steld. De skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Nes moat útwreide wurde.