Bleate froulju op 'e seedyk

30 jun 2009 - 10:12

Fotografe Mijke Bos fan Lauwerseach krijt meikoarten in eksposysje fan tweintich foto's fan bleate froulju op de seedyk tusken Paezens-Moddergat en Lauwerseach. De tweintich foto's fan twa meter heech en trije meter breed komme te hingjen tusken steigerpeallen dy't yn de dyk groeven binne, sadat de foto's net fuortwaaie kinne.

De earste foto is by wize fan proef al opsteld by Paezens-Moddergat. Neffens organisator Joke Kops giet it om 'beleefde naakten'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)