SNN kin miljoenen net útjaan

© Omrop Fryslân
It slagget de trije noardlike provinsjes net al it subsydzjejild út te jaan dat se beskikber hawwe foar ynnovaasje. Der lizze noch tsientallen miljoenen euro's fan it ministearje fan Ekonomyske Saken op de planke.
It ministearje warskôget it noarden it jild út te jaan omdat it oars konsekwinsjes hat. It betsjut dan dat letter minder jild dizze kant útkomt. Der binne 88 oanfragen dien foar subsydzje. De helte derfan is ôffallen omdat de oanfraach net goed genôch wie.