Lightjirpel HZPC yn supermerk

30 jun 2009 - 09:31

De nije lightjirpel dy't ûntwikkele is troch HZPC yn Mitselwier leit fan augustus ôf ek yn Nederlânske supermerken. De lightjirpel hat 20 persint kaloryen minder as de measte gewoane jirpels. Yn Spanje, Italië, Syprus en de Feriene Steaten wurdt de jirpel al ferkocht. Dat Nederlân dêr no pas bykomt hat te krijen mei it seizoen foar it bouwen fan jirpels.

De ferkeap hat wat te lijen fan de ekonomyske krisis, mar dochs sprekt HZPC fan in 'stabilisaasje fan 'e merk'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)