Gjin hoarekakonvenant Dokkum

30 jun 2009 - 09:26

De hoareka-ûndernimmers fan Dokkum kinne it net iens wurde oer in nij hoarekakonvenant. Dat soe moandei ûndertekene wurde, mar dat waard útsteld troch boargemaster Waanders. Mear as de helte fan de hoareka- en taksyûndernimmers binne it om ferskate redenen net iens mei de tekst en woene gjin hânteken sette.

Neffens boargemaster Waanders giet it om in kommunikaasjesteurnis en wurde de ûndernimmers it nei de simmer wol iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)