Fryske bedriuwen pakke prizen

29 jun 2009 - 21:22

Fryslân docht goede saken by de takenning fan de Piek Awards. Der binne yn de Lawei yn Drachten fjouwer fan dy Awards útrikt, by alle fjouwer winnende projekten binne Fryske bedriuwen belutsen, lykas HZPC, Landustry en in bedriuw foar ledlampen yn Drachten.

Ek it wettertechnologybedriuw Wetsus yn Ljouwert is ien fan de priiswinners. De Piek Awards binne in priis foar nije technology yn Drinte, Grinslân en Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)