Tal seehûnen op it Waad stabyl

It tal seehûnen yn de Waadsee is stabyl. Dat seit de seehûnekresj fan Lenie 't Hart. Dy hat mei in fleantúch in telling dien. Dêrút die bliken dat der sa'n 4300 seehûnen binne, dat binne der in pear hûndert mear as ferline jier.
De seehûnekresj telt al sûnt 1993 it tal seehûnen op it Waad. Yn earste ynstânsje joech de provinsje dit jier gjin fergunning foar de telling. De Rie fan Steat bepaalde letter dat dy wol hâlden wurde mocht.