Adema: soargen oer 'Zembla'

29 jun 2009 - 17:16

Deputearre Piet Adema makket him grutte soargen oer de ûnrêst nei oanlieding fan de Zembla-útstjoering fan sneintejûn. Dy gie oer de bou fan de nije reststoffe-erzjysintrale yn Harns. Dy ferbaarningsoven kaam der net goed ôf. Der waarden fraachtekens set by de needsaak en de feiligens fan de oven.

Om dy fraachtekens wei te nimmen wol Adema meikoarten in byienkomst organisearje foar omwenjenden. Adema wol ek mei de kritikasters prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)