Bedriuwen oan rûte opknappe

© Omrop Fryslân
Fertutearze bedriuwen oan it wetter fan 'e steande mêst rûte moatte as it oan de gemeente Ljouwert leit harren terrein opknappe. De Steande Mêst Rûte tusken Ljouwert en Grou is moandei offisjeel iepene en it is it doel dat dit ekstra toeristen opsmyt.
Mar dy toeristen kinne neffens de gemeente wolris fuortbliuwe as de situaasje sa min bliuwt as no. Sa lizze der ferrustke skippen op de kades en binne de gebouwen oan de wetterkant min ûnderhâlden.