Neier ûndersyk nei brân Twizel

29 jun 2009 - 13:56

De technyske resjerzje ûndersiket de oarsaak fan 'e brân by in tapythal yn Twizel. Dy gie ferlern, neidat der moandei twa kear brân wie. De earste brân soarge benammen foar reekskea. Letter bruts der opnij brân út. Dêrby gie it bedriuw hielendal ferlern.

De technyske resjerzje ûndersiket wêrom't der foar de twadde kear brân útbruts, wylst it fjoer neffens de brânwacht al hielendal út wie. De brânwacht hat it fjoer yntusken blust.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)