Pear Wolvegea 65 jier troud

29 jun 2009 - 12:24

Simon en Roelie Boterkooper fan Wolvegea binne moandei 65 jier troud. Se waarden lokwinske troch ûnder oare boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf. It echtpear is ridlik sûn en giet sa út en troch ek noch op stap.

Simon Boterkooper (88) komt fan Nijeholtpea. Hy kaam nei de legere skoalle by syn heit yn de bakkerij en hat hjir oant syn 70ste wurke. It pear hat 6 bern, 11 pake- en beppesizzers en 5 oerpake- en beppesizzers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)