SP wol debat oer oven Harns

29 jun 2009 - 11:16

De SP yn provinsjale steaten oerwaget in spoeddebat oan te freegjen oer de nije ôffaloven yn Harns. De partij hat grutte fragen nei oanlieding fan de útstjoering fan it tv-programma Zembla fan snein. De partij wol witte oft it wier is dat twa rapporten oer de oven geheimhâlden binne.

Ek wol de SP witte wa't opdraait foar de skea as aansten bliken docht dat der net genôch smoargens is yn Nederlân om de oven rendabel te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)