Man rydt tsjin beam Holwert

© Omrop Fryslân
Op de Bjimsterwei yn Holwert is sneintejûn in 36-jierrige ynwenner fan Den Haach mei syn auto tsjin in beam oanriden. De bestjoerder en syn ynsittende kamen mei de skrik frij, wol rekke de auto slim skansearre.
Omdat de plysje tocht dat de bestjoerder dronken hie, moast dy op it buro blaze. De Hagenaar hie yndie tefolle drank hân. Hy krige in rydûntsizzing fan fjouwer oeren en in proses-ferbaal.