"Oven Harns oerstallich"

Lucas Reinders fynt de nije oven yn Harns folslein oerstallich
De ôffaloven yn Harns hie hielendal net boud wurde mocht. Dat sizze miljeu-eksperts yn it tv-programma Zembla. Dat blaasde de diskusje oer de oven snein nij libben yn troch in dokumintêre út te stjoeren wêryn't saakkundigen sizze dat de oven folslein oerstallich is.
Net allinnich is der te min ôffal yn Nederlân om alle ovens draaiende te hâlden, der komme ek nochris gefaarlike stoffen út de piip by Harns.