Weening 23ste yn Landgraaf

Pieter Weening (argyffoto)
Op it NK fytsen yn Heerlen-Landgraaf yn Súd-Limboarch waard Koos Moerenhout Nederlânsk kampioen. Der wie mei in 23e plak fan Pieter Weening gjin Frysk sukses. Lieuwe Westra fan Mûnein siet lang yn kopgroep fan acht man, mar hy koe de foarsprong net folhâlde.
It peloton helle dizze groep yn, wêrnei't Westra ôfstapte. Hy wie skjin op. Ek Wim Stroetinga, Marcel Beima en Maint Berkenbosch komme net yn de útslach fan it kampioenskip foar.