Frysk sukses op NK atletyk

28 jun 2009 - 17:04

De Fryske jeugdatleten ha prima prestearre by de Nederlânske kampioenskippen yn Emmeloard. Sneon helle Douwe Amels it goud by it heechspringen mei in persoanklik rekôr fan 2 meter en sân sentimeter.

Snein wie der sulver en brûns op de twatûzen steeple foar junioaren B. Jaap Gerben Vellinga fan De Lemmer waard twadde yn 6.41,17 en Davond Hofstee, soan fan eardere steeplecrack Herman, finishte as tredde yn 6.54,97.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)