Motorrider ferwûne yn Drachten
In 34-jierrige motorrider út Drachten is sneontejûn op de Lauwers yn syn wenplak ferwûne rekke by in ûngelok. De motorrider moast útwike foar in 47-jierrige fytser út Drachten. De fytser woe linksôf de Eems opride.
Hy seach dêrby de motorrider oer de holle. De bestjoerder fan de motor moast útwike om in oanriding foar te kommen. Troch it útwiken foel er lykwols. Hy is mei in ferwûning oan de skonk oerbrocht nei it sikehûs. It die bliken dat de fytser drank op hie.