Bromfytser rydt mei drank op

28 jun 2009 - 15:28

De plysje hat sneontemiddei yn Haulerwyk in 17-jierrige bromfytser út Sânhuzen steande holden. De plysjes seagen de jonge op de Leeksterdyk riden. Hy en syn passazjier foelen op omdat se gjin helm droegen.

Nei in koarte efterfolging koene se steande holden wurde. Se krigen in bekeuring omdat se gjin helm droegen. Omdat de plysjes in fermoeden hiene dat de bestjoerder dronken hie, moast er blaze op it buro. Hjir blies er 330 ug/l, goed foar in rydferbod fan 4 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)