3 motors stellen op It Fean

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de stellerij fan trije motors by in hotel oan de Skâns op It Hearrenfean. Yn de nacht fan freed op sneon waarden de trije motors stellen. Se stiene ûnder in luifel en hiene goede slotten en in alaarm.
Om 00.00 oere wie it alaarm ôfgong. Ien fan de eigners gong sjen en sette it alaarm wer oan. Letter yn de nacht die bliken dat de motors stellen wiene. De slotten wiene fernield. Ien fan de motors waard weromfûn op de Silverlinde.