Stefan v.d. Pal wint yn Stiens

28 jun 2009 - 14:47

Ljouwerter Stefan van de Pal wûn sneon de kwart triatlon fan Stiens. Van de Pal die dit yn in tiid fan twa oeren en njoggen sekonden. Hy wie rom in minút rapper as de nûmer twa Jasper van Olst fan Grins.

By de froulju wûn Stefanie Bouma út Grins yn in tiid fan 2.11,48. De twadde frou oer de streek wie Hilly Panjer-Bakker fan Apeldoarn nei in lytse tsien minuten. Oan dit evenemint diene sa'n 300 atleten mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)