Krityk op besite Hells Angels

Der is diskusje ûntstien oer in besite fan boargemaster Paul Scheffer fan Harns oer it pleatslike klupgebou fan de Hells Angels. Dy besite wie ôfrûne freed, op de dei dat de Hege Rie útspraak die yn in strafsaak tsjin de Hells Angels.
It kaam him op krityk te stean fan partijgenoat en Twadde Keamerlid Fred Teeven. Hy fynt dy besite foar in fertsjintwurdiger fan de oerheid 'in min sinjaal'. De motorklup waard oant freed yn ferbân brocht mei û.o. moard.