Partoer V. d. Bos wint Holwert

27 jun 2009 - 17:35

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Michel van der Veen en Daniël Iseger hat sneon de útnoegingspartij yn Holwert wûn. Sy wûnen de finale op 5-3 en 6-4 fan it partoer fan Hendrik Tolsma, Folkert van der Wei en Pier Piersma.

It is foar Gert-Anne van der Bos syn tredde oerwinning op rige yn dit keatsseizoen. It ôfrûne wykein wûn hy ek yn Ternaard en Sint Jabik. Gert-Anne van der Bos waard ek foar de tredde kear op rige kening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)