Cambuur wachtet op Metaj

27 jun 2009 - 17:08

Cambuur hat mei FC Grins oerienstimming berikt oer de ferhier fan Skhodran Metaj foar ien seizoen. De 21-jierrige linkerferdigener moat persoanlik noch wol ta in akkoart komme mei de Ljouwerters.

De oefenwedstriid op 18 july tsjin Panathinaikos giet net troch. Cambuur spilet no tsjin it Turkske Kayserispor. Dy ploech einige ferline seizoen as sânde. Omdat Kayserispor de Turkske beker wûn, komt de ploech út yn de Europe League.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)