Terpstra foarsitter KNSB

27 jun 2009 - 17:00

Doekle Terpstra is de nije foarsitter fan de KNSB. It bûnskongres stimde hjoed yn Biddinghuzen unanym yn mei syn beneaming. It bûnskongres is it heechste orgaan fan it reedridersbûn en karde earder al de foardracht fan Terpstra goed.

Hy folget Carel Paauwe op. Dy gie in jier lyn fuort nei in kritysk rapport fan de bûnsrie. Doekle Terpstra is de tritichste foarsitter fan de KNSB sûnt 1882.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)