Feteranedei yn Fryslân

De jierlikse feteranedei waard sneon holden yn 21 gemeenten yn Fryslân. Yn Ljouwert wie sneontemoarn in sletten byienkomst. Yn de middei wie ek it publyk wolkom by in demonstraasje fan âlde legerfoertugen troch 'Keep them rolling' en 'Fly by' fan de loftmacht.
By de sletten byienkomst waard it boek 'Het was slechts oorlog' presintearre. Dat is in boek mei ynterviews en foto's fan 15 feteranen út Fryslân, makke troch studinten fan de Stenden Hegeskoalle.