Ynbrekker op 'e die trapearre

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon yn in parkeargaraazje yn de Pier Panderstrjitte yn Ljouwert in ynbrekker oanholden.
In tsjûge seach dat in man in rút fan in doar fernielde en sa de parkeargaraazje binnenkaam. De plysje gie mei help fan in hûn op syk nei de ynbrekker. Dizze waard oantroffen boppe-op in auto. De 22-jierrige Ljouwerter fertochte is oerbrocht nei it plysjeburo.