Merkkeapman hâldt dief oan

27 jun 2009 - 13:29

In merkkeapman fan de Ljouwerter freedsmerk hat freedtemiddei in 41-jierrige dief út de haadstêd oanholden. De keapman seach dat de frou in tas mei klean stellen hie en gie achter de frou oan.

De frou is oerdroegen oan de plysje en oerbrocht nei it plysjeburo. Elke boarger hat it rjocht om in fertochte oan te hâlden en ûnder twang fêst te hâlden. Wol moat fuortdaliks de plysje ynskeakele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)