Bûsehifkers oppakt op It Fean

© Omrop Fryslân
De plysje op It Hearrenfean hat freedtemiddei yn gearwurking mei in 53-jierrige frou út dat plak twa bûsehifkers oanholden. De frou wie yn in winkel oan de Dracht en krige yn de gaten dat har beurs út har tas stellen wie.
It slachtoffer gie achter de dieven oan. Omstanners bellen de plysje. Op it Boargemaster Kuperusplein koene de dieven oanholden wurde. It gie om twa froulju fan 25 en 33 jier sûnder fêst wenplak.