Wjelsryp wint FK Jeu de Pelote

Kampioen Wjelsryp
Wjelsryp wie freedtejûn yn de finale fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote fierstente sterk foar Easterlittens. Wjelsryp, mei de keatsers Jelmer en Jurjen Hofstee, Paulus Yde Walda, Siebe Greidanus, Tjibbe Tom Deinum en Willard Terpstra, wûn mei 10-5.
Troch de winst komt de namme fan Wjelsryp op it grutte boerd yn Littens en is de wikselpriis "it pealtsje fan Easterlittens" ek in jier foar de Wjelsripers.