Kâns op twadde Ofslútdyk

Advys: lis noch in Ofslútdyk oan njonken de besteande
De kâns bestiet dat der in twadde Ofslútdyk oanlein wurdt njonken de besteande. It is ien fan 'e plannen dy't de advyskommisje Takomst Ofslútdyk freed foarleit oan steatssiktaris Tineke Huizinga. Ek it bedekken fan de súdkant fan de dyk mei sinnepanielen en it bouwen fan in enerzjysintrale binne neffens de kommisje útfierber. De Ofslútdyk moat ophege wurde omt de seespegel neffens it KNMI de kommende ieu 35 oant 85 sintimeter omheech giet.