Unesco: Waadsee wrâlderfguod

It Waadgebiet: no ek offisjeel Wrâlderfguod
It Nederlânske en Dútse Waadgebiet is freed útroppen ta wrâlderfguod. Dat barde freed op in gearkomste fan 'e Unesco yn it Spaanske Sevilla. Op de wrâlderfguodlist fan 'e Unesco steane in lytse 900 monuminten en natuergebieten.
It takennen fan de status wrâlderfguod wie in unanym beslút fan it wrâlderfguodkomitee fan 'e Unesco. Yn dat komitee binne 21 lannen fertsjintwurdige. De Unesco sil it Waadgebiet no ek kritysk folgje.