Ofslútdyk noch gjin monumint

26 jun 2009 - 11:51

It duorret noch op syn minst oant ein dit jier foardat de Ofslútdyk offisjeel ryksmonumint wurdt. It doel wie om de dyk al begjin dit jier út te roppen ta monumint, mar der wurdt noch hieltiid wachte op advizen fan de Raad van Cultuur en de Rijkdienst voor Cultureel Erfgoed. Pas as dy advizen der lizze kin minister Plasterk in beslút nimme oer de status fan 'e dyk.

In soad minsken tinke dat de Ofslútdyk in monumint is, mar dat is dus noch lang net offisjeel bekrêftige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)