Gjin ferbod Hells Angels

26 jun 2009 - 10:56

De Hells Angels yn Harns meie net ferbean wurde. Dat hat de Hege Rie freed besletten. Dy befestiget dêrmei in útspraak fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. Dat wiisde earder in fersyk fan it Iepenbier Ministearje om de Harnzer Hells Angels te ferbieden ôf.

It Iepenbier Ministearje gie tsjin dy ôfwizing by de Hege Rie yn berop, mar krijt dus net gelyk. It Iepenbier Ministearje besiket al jierren in ferbod op de Hells Angels te krijen, mar hâldt dêr no mei op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)